
Regels foar ienfâldige bouplannen
Wat is in ienfâldich bouplan?
Wannear is in bouplan ienfâldich? De gemeente hat foar plannen dy’t in soad foarkomme en gjin grutte feroaringen feroarsaakje, standertregels opsteld. Bygelyks foar in dakkajút of in hiemskieding.
Falt jo plan ûnder de kategory ‘ienfâldige bouplannen’, dan kinne jo fluch kontrolearje oft jo foldogge oan de regels. Dêrnei kinne jo fuortdaliks in fergunning oanfreegje.
Wannear jilde dizze regels net?
- Falt jo plan yn in gebiet mei in byldkwaliteitsplan? Dan jilde allinnich de regels fan in byldkwaliteitsplan. Kontrolearje dêrom oft jo plan yn in gebiet leit mei in byldkwaliteitsplan.
- Hawwe jo in plan by in monumint? Dan falt jo plan net ûnder in lyts bouplan. Foar monuminten jilde eigen regels.
Regels foar ienfâldige bouplannen per kategory
De regels foar fergunningplichtige dakkajuten stean yn it ‘Omjouwingsplan gemeente Smellingerlân’. Dy regels binne te finen op it Omjouwingsloket.
Hawwe jo ien fan ûndersteande bouplannen? Lês dan fierder oer de regels dêr’t jo oan foldwaan moatte.
Freegje in fergunning oan
Hawwe jo de regels foar jo bouplan goed kontrolearre? En foldogge jo oan de regels foar in ienfâldich bouplan? Freegje dan in omjouwingsfergunning oan.
Hoe toetst de gemeente jo bouplan?
De gemeente toetst earst oft jo bouplan foldocht oan de regels fan it omjouwingsplan. It is ferstannich dat jo dit sels ek kontrolearje. Dat kin op it Omjouwingsloket.
Dêrnei toetst de gemeente oft jo bouplan past binnen de regels fan de ienfâldige bouplannen. Dy regels fine jo hjirboppe.
Wannear foldocht jo plan oan de regels?
Jo plan foldocht oan de regels as oan ien fan ûndersteande betingsten foldien wurdt.
- Jo plan is in ferfanging fan in fergund besteand bouwurk.
- Jo plan is in goedkard ûntwerp fan it oarspronklike bouprojekt.
- Jo plan slút oan by in trendsetter (in fergelykber plan yn de direkte omjouwing) dy’t foldocht oan de regels foar ienfâldige plannen.
- Jo plan kin net oanslute by in trendsetter, mar foldocht wol oan de oare regels foar ienfâldige bouplannen.
Wat as jo plan krékt net foldocht oan de regels?
Past jo plan krékt net binnen de regels foar ienfâldige bouplannen? Dan kinne wy maatwurk tapasse. It is mooglik dat jo dan lykwols noch in fergunning oanfreegje kinne.
Wannear kinne wy ôfwike fan de regels foar ienfâldige bouplannen?
Wannear passe wy maatwurk ta? Dat kin yn de folgjende gefallen:
- Der is in funksjonele needsaak. Bygelyks om’t jo foldwaan moatte oan it boubeslút, wêrtroch’t in kezyn of in doar oars pleatst wurde moatte.
- Der is in boukundige needsaak. Bygelyks om’t it foar de konstruksje fan it bouwurk nedich is om in dakkajút oars te pleatsen.
Foldogge jo oan ien fan dizze betingsten, dan is maatwurk mooglik. De gemeente jout in motivearre posityf advys. Dat kin allinnich as dúdlik gjin negative ynfloed is op de wearden en ambysjes of it besteande gebou. De gemeente beoardielet oft dit it gefal is.
Maatwurk net mooglik? Dan falt jo plan ûnder de bysûndere bouplannen
As maatwurk net mooglik is, wurdt jo bouplan sjoen as in bysûnder bouplan.