
Ofwike fan de regels. Wannear kin dat?
De NOS is bedoeld om maatwurk te leverjen per gebiet. Dêrom hawwe wy per gebiet regels en ambysjes foar bouplannen formulearre. Ofwike fan dizze regels is soms mogelik. Dit is gjin rjocht.
Beheinde sichtberens
De advyskommisje mei ôfwike fan de regels as jo bouplan net of kwealik sichtber is út de iepenbiere romte wei. De basisregels jilde wol. Yn sa’n gefal hoege wy it plan net foar te lizzen oan de gemeenteried.
Duorsumens
Der is hieltyd mear oandacht foar duorsumens. Dat bringt feroaringen mei him mei yn it bebouwingsbyld. Foaral as it giet om materiaalgebrûk en bouwize. Sa wurdt bygelyks sirkulêr bouwen en it gebrûk fan bio-based materialen mear de noarm. De feroaringen en fernijingen gean sa fluch, dat wy se net op foarhân foarsizze kinne.
De advyskommisje mei ôfwike fan de regels foar it gebrûk fan duorsume materialen of in duorsume wize fan bouwen as der gjin fergelykbere, better yn it bebouwingsbyld passende alternativen binne. Omdat der foar in diel ôfwykt wurdt fan de regels, wurdt der op oare ûnderdielen in ekstra ynspanning frege. De advyskommisje past yn sokke gefallen in heger nivo regels ta. Dizze foarm fan ôfwiken wurdt net foarlein oan it kolleezje.
Eigensinnich en heech ûntwerpnivo
De advyskommisje mei ôfwike fan de regels as jo bouplan op in oare, trochtochte, bysûndere of eigensinnige wize rekkening hâldt mei de wearden en ambysjes. Jo moatte rekkening hâlde mei de wearden fan jo omjouwing, mar soms kin der op in oare manier mei omgien wurde. Bygelyks troch hiel bewust op ûnderdielen in kontrast foarm te jaan. Of troch ûnderdielen te oerdriuwen. Yn sa’n gefal moat it nivo fan ûntwerp heech wêze. De advyskommisje set yn sokke gefallen yn op in heech kwaliteitsnivo. Dizze foarm fan ôfwiken wurdt net foarlein oan it kolleezje.
Hurdheidsklausule
It kin yn útsûnderlike gefallen foarkomme dat in bouplan of in plak sadanich fernijend is, dat de regels net tarikkend binne. Yn sokke gefallen kin de advyskommisje it kolleezje advisearje ôf te wiken fan de regels. It ûntwerp fan sa’n bouplan sil in hege kwaliteit hawwe moatte. It is by einsluten reedlik dat der hegere easken steld wurdt as in bouwurk him sterker fan syn omjouwing ûnderskiedt. Of wannear’t der in soad wearde oan de omjouwing hechte wurdt. Dizze foarm fan ôfwiken fan de regels neame wy de hurdheidsklausule.
It ôfwiken fan de regels foar fernijende plannen wurdt troch de advyskommisje ûnderboud by de fergunningsoanfraach. Ek sil de advyskommisje it kolleezje fan B&W it advys foarlizze om ôf te wiken. Boargemaster en wethâlders beslisse by it wol as net ferlienen fan de boufergunning oft sy ôfwike wolle fan de regels en gebrûk meitsje wolle fan de hurdheidsklausule.
Het afwijken van de regels voor vernieuwende plannen wordt door de adviescommissie onderbouwd bij de vergunningaanvraag. Ook zal de adviescommissie het college van B&W het advies om af te wijken voorleggen. Burgemeester en wethouders beslissen bij het wel of niet verlenen van de bouwvergunning of zij willen afwijken van de regels en gebruik willen maken van de hardheidsclausule.