Kwaliteitsnivo’s
Kwaliteitsnivo 0
Wolstânsfrij
Kwaliteitsnivo 0 stiet foar wolstânsfrij. Jo hoege jo bouplan net beoardielje te litten, mar it mei wol. Wolstânsfrij betsjut net dat alles kin. De gemeente kin noch altyd op de rem traapje, by oertrêdingen en eksessen.
Kwaliteitsnivo 1
Foldwaande kwaliteit
Kwaliteitsnivo 1 betsjut dat in ûntwerp fan in bouplan (minimaal) fan foldwaande kwaliteit wêze moat. Bouplannen fersteure de omjouwing net trochdat de wearden en ambysjes fan in gebiet safolle mooglik respektearre wurde moatte. Beheinde feroaringen of beheinde kontrasten binne mooglik.
Omjouwing
- De manier wêrop’t de gebouwen op in hiem pleatst binne past yn de omjouwing (sjoch ek de basisregels).
- De haadopset fan de gebouwen op in hiem past yn de omjouwing (sjoch ek de basisregels).
- De boustyl/arsjitektuer is frij, mits dy de wearden en ambysjes net fersteurt.
- Represintative foargevel(s)/gevels mei ekspresje (en funksjes) nei de dyk/iepenbiere romte.
- It kleur- en materiaalgebrûk is frij, mits dy de wearden en ambysjes net fersteurt.
- Hiemskiedingen grinzjend oan iepenbier gebiet fersteure de omjouwing net.
- Ynstallaasjes binne sekundêr.
- Duorsumensmaatregels binne sekundêr.
Foarmjouwing
- It ûntwerp past by de funksje.
- De boustyl/arsjitektuer fan nijbou of ferbou past by de besteande bebouwing op it hiem.
Reklame
Past jo plan foar reklame net binnen de regels fan de flugge rûte foar reklame? Dan wurde de folgjende regels tapast op jo plan:
- Sommige reklame is ferbean; sjoch hjir foar de list.
- Reklame-uteringen passe yn oantal en útstrieling by it karakter fan de omjouwing.
- Reklame is sekundêr oan it gebou en it perseel.
Wetterboukundige wurken
- De wetterboukundige wurken binne yn maatfiering en pleatsing sekundêr yn it byld.
- By meardere gelikense eleminten is sprake fan in logyske en regelmjittige oardering.
- De foarmjouwing is sober en doelmjittich.
- It kleur- en materiaalgebrûk past yn de omjouwing.
- It materiaalgebrûk past by de funksje.
- It materiaalgebrûk is geskikt foar de beëage libbensdoer.
- It materiaal is doelmjittich te behearen.
Kwaliteitsnivo 2
Goede kwaliteit
Kwaliteitsnivo 2 betsjut dat in ûntwerp fan in bouplan (minimaal) fan goede kwaliteit wêze moat. Bouplannen passe yn de omjouwing trochdat de wearden en ambysjes fan in gebiet respektearre wurde. Grutte feroaringen passe net. Ofwikende oplossingen kinne allinnich as dy soarchfâldich ûntwurpen binne mei respekt foar de wearden en ambysjes.
Omjouwing
- De manier wêrop’t de gebouwen op in hiem pleatst binne past yn de omjouwing (sjoch ek de basisregels).
- De haadopset fan de gebouwen op in hiem past yn de omjouwing (sjoch ek de basisregels).
- De boustyl/arsjitektuer fan in haadgebou past yn de omjouwing, of foarmet hjirmei in soarchfâldich ûntwurpen kontrast.
- Represintative foargevel(s)/gevels mei ekspresje (en funksjes) nei de dyk/iepenbiere romte.
- It kleur- en materiaalgebrûk past yn de omjouwing of foarmet hjirmei in soarchfâldich ûntwurpen kontrast.
- Hiemskiedingen grinzjend oan iepenbier gebiet binne mei-ûntwurpen en/of hawwe in (oerwaagjend) grien karakter.
- Ynstallaasjes binne sekundêr.
- Duorsumensmaatregels binne sekundêr.
Foarmjouwing
- It ûntwerp past by de funksje.
- De boustyl/arsjitektuer fan nijbou of ferbou past by de besteande bebouwing op it hiem of foarmet hjirmei in soarchfâldich ûntwurpen kontrast.
- Oan- en útbouwen, bygebouwen, dakkajuten, dakopbouwen en/of risaliten binne mei-ûntwurpen of sekundêr. Mei-ûntwurpen kin ek betsjutte dat keazen wurdt foar in soarchfâldich ûntwurpen kontrast.
- It kleur- en materiaalgebrûk is beheind yn oantal.
Reklame
Past jo plan foar reklame net binnen de regels fan de flugge rûte foar reklame? Dan wurde folgjende regels tapast op jo plan:
- Sommige reklame is ferbean; sjoch hjir foar de list.
- Reklame-uteringen passe yn oantal en útstrieling by it karakter fan de omjouwing.
- Reklame is sekundêr oan it gebou en it perseel.
- In reklame-utering oan de gevel moat leadrjocht op, of lykrinnend oan en flak tsjin de gevel pleatst wurde.
- Reklame-uteringen stean yn ferhâlding ta elkoar, de grutte en arsjitektuer fan it bedriuwspân. It totaal oan reklame-uteringen is yn balâns.
- Reklame op bedriuwsgebouwen wurdt op elkoar ôfstimd. Dit jildt ek as der meardere ûndernimmingen yn itselde gebou húsfeste binne.
Wetterboukundige wurken
- De wetterboukundige wurken binne yn maatfiering en pleatsing sekundêr yn it byld.
- By meardere gelikense eleminten is sprake fan in logyske en regelmjittige oardering.
- De foarmjouwing is sober en doelmjittich en past yn de omjouwing.
- It kleur- en materiaalgebrûk past yn de omjouwing.
- It materiaalgebrûk past by de funksje.
- It materiaalgebrûk is geskikt foar de beëage libbensdoer.
- It materiaal is doelmjittich te behearen.
Kwaliteitsnivo 3
Hege kwaliteit
Kwaliteitsnivo 3 betsjut dat in ûntwerp fan in bouplan (minimaal) fan hege kwaliteit wêze moat. Bouplannen foegje har yn de hege kwaliteit fan de omjouwing of fersterkje de omjouwing trochdat de wearden en ambysjes fan in gebiet hanthavene wurde.
Ofwikende oplossingen kinne allinnich as dy soarchfâldich ûntwurpen binne mei respekt foar de wearden en ambysjes, én kwaliteit taheakje oan de omjouwing.
Omjouwing
- De manier wêrop’t de gebouwen op in hiem pleatst binne past yn de omjouwing (sjoch ek de basisregels).
- De haadopset fan de gebouwen op in hiem past yn de omjouwing (sjoch ek de basisregels).
- De boustyl/arsjitektuer fan in haadgebou past tige soarchfâldich yn de omjouwing, of foarmet hjirmei in soarchfâldich ûntwurpen kontrast.
- Represintative foargevel(s)/gevels mei ekspresje (en funksjes) nei de dyk/iepenbiere romte.
- It kleur- en materiaalgebrûk past yn de omjouwing of foarmet hjirmei in soarchfâldich ûntwurpen kontrast.
- Hiemskiedingen grinzjend oan iepenbier gebiet binne mei-ûntwurpen en/of hawwe in (oerwaagjend) grien karakter.
- Ynstallaasjes binne sekundêr.
- Duorsumensmaatregels binne sekundêr en fersteure de omjouwing net.
Foarmjouwing
- It ûntwerp past by de funksje.
- De boustyl/arsjitektuer fan nijbou of ferbou past tige soarchfâldich by de besteande bebouwing op it hiem of foarmet hjirmei in tige soarchfâldich ûntwurpen kontrast.
- Oan- en útbouwen, bygebouwen, dakkajuten, dakopbouwen en/of risaliten binne mei-ûntwurpen of sekundêr. Mei-ûntwurpen kin ek betsjutte dat keazen wurdt foar in soarchfâldich ûntwurpen kontrast.
- It kleur- en materiaalgebrûk fersterket de boustyl/arsjitektuer.
- Hiemskiedingen grinzjend oan iepenbier gebiet binne mei-ûntwurpen en/of hawwe in (oerwaagjend) grien karakter.
- Ynstallaasjes binne sekundêr of mei-ûntwurpen yn de boustyl/arsjitektuer.
- Duorsumensmaatregels binne mei-ûntwurpen en dogge gjin ôfbrek oan de boustyl/arsjitektuer.
Details
- De boustyl/arsjitektuer is soarchfâldich ôfstimd op de omjouwing, mei omtinken foar karakteristike skaaimerken.
- Karakteristike skaaimerken fan de besteande bebouwing wurde behâlden en fersterke.
- De boustyl/arsjitektuer is konsekwint útwurke yn alle út de iepenbiere romte wei sichtbere gevels. Tink hjirby oan de foarmjouwing fan rútiepeningen, tichte flakken, kleurflakken, ets.
- De detaillearring (kezinen, ruten, doarren, boeiplanken, dakrânen, daklisten, daktrimmen, metselferbannen, ornaminten, ets.) fersterkje de boustyl/arsjitektuer.
- Oan- en útbouwen binne mei-ûntwurpen.
Reklame
Past jo plan foar reklame net binnen de regels fan de flugge rûte foar reklame? Dan wurde folgjende regels tapast op jo plan:
- Sommige reklame is ferbean; sjoch hjir foar de list.
- Reklame-uteringen passe yn oantal en útstrieling by it karakter fan de omjouwing.
- Reklame is sekundêr oan it gebou en it perseel.
- In reklame-utering oan de gevel moat leadrjocht op, of lykrinnend oan en flak tsjin de gevel pleatst wurde.
- Reklame-uteringen stean yn ferhâlding ta elkoar, de grutte en arsjitektuer fan it bedriuwspân. It totaal oan reklame-uteringen is yn balâns.
- Reklame op bedriuwsgebouwen wurdt op elkoar ôfstimd. Dit jildt ek as der meardere ûndernimmingen yn itselde gebou húsfeste binne.
Wetterboukundige wurken
- De wetterboukundige wurken binne yn maatfiering en pleatsing sekundêr yn it byld.
- By meardere gelikense eleminten is sprake fan in logyske en regelmjittige oardering.
- De foarmjouwing past yn de omjouwing.