Accessibility Tools
Skip to main content

G8. Oare gebieten

De oare gebieten bestean út sportgebieten, parken en griengebieten, begraafplakken en campings en rekreaasjeparken. Ek de bysûndere funksjes krematoarium en útfeartsintrum Wâldhôf, it Learpark Drachten, it Sikehûs Nij Smellinghe en Samen Kansrijk Noarderhogeweg (SBO) falle binnen dit gebiet.

Wearden en ambysjes

1. Bebouwing leit yn/oan grien en/of wetter of is hjirmei omkadere

Yn de oare gebieten spilet grien en/of wetter in belangrike rol. Bebouwing leit yn it grien en/of is hjirmei omkadere. De griene en/of wetterrike omjouwing wurdt hanthavene en fersterke. Bebouwing is sekundêr oan it grien en/of wetter of hat hjirmei just in sterke relaasje.

2. De funksje en it plak bepale de foarmjouwing

Yn de oare gebieten lizze ek gebouwen mei bysûndere funksjes, lykas skoallen en it sikehûs. De foarmjouwing fan de bebouwing past by de bysûndere funksje. Regionale foarsjenningen hawwe in heechweardige útstrieling. Ienfâldige en/of sekundêre funksje lykas bygelyks klaairomten meie sober foarmjûn wurde, mar meie gjin sosjaal ûnfeilige situaasje opsmite.

3. Bysûndere plakken en sichtlokaasjes freegje in soarchfâldige foarmjouwing

Undernimmers kieze faak foar in eigen útstrieling. De measte bedriuwspannen ferskille hjirtroch fan elkoar. Binnen de gearhing fan in gebiet wurdt romte bean foar it foarmjaan fan de eigen útstrieling.

4. Grutskalige bebouwing wurdt soarchfâldich foarmjûn

Yn de oare gebieten leit ek grutte kompleksmjittige bebouwing. By in kompleksmjittige bebouwing moat rekkening holden wurde mei de minsklike mjitte. De bebouwing hat in sterke relaasje mei de iepenbiere romte. Foar de begeane grûn jildt dat ekstra. De funksjes binne werkenber yn it ûntwerp. Grutte gebouwen meie net te flak en strak wêze.

Regels

  • De regels moatte tapast wurde yn gearhing mei de wearden en ambysjes.
  • Foar dit gebiet jilde ferskillende kwaliteitsnivo’s. Sjoch op de dielgebietekaart hokker kwaliteitsnivo jildt foar jo plan.

Foto's fan it dielgebiet

Crematorium 3
De Wilgen
Drachtstercompagnie 2
Drachtstercompagnie 6
Firda Opleidingscentrum
Leerweg Scholen 1
Leerweg Scholen 4
Leerweg Scholen 7
Sportcentrum Drachten Leerweg 2
Sporthal De Drait 1
Sportterrein Houtigehage 1
Ziekenhuis Drachten 3

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere