
G7. Bedriuweterreinen
Yn Drachten komme grutte bedriuweterreinen foar. Yn de doarpen is sprake fan in pear lytsere bedriuweterreinen. De bedriuweterreinen binne fan grut belang foar de ekonomyske fitaliteit fan de gemeente.
Wearden en ambysjes
1. De útstrieling fan in gebiet past by de funksje
De ferskillende bedriuweterreinen betsjinje ferskillende doelgroepen. De ynrjochting fan de kavels en de foarmjouwing fan de bebouwing wjerspegelje dat. De publyksrjochte bedriuwen hawwe in heechweardige útstrieling. Dat jildt foar de gebouwen en de terreinynrjochting. Dizze bedriuwen lizze faak ek op sichtlokaasjes. Neigeraden de bedriuwen mear op produksje rjochte binne, nimt it funksjonele karakter ta. Dat jildt ek foar de gebouwen en de terreinynrjochting. Dizze bedriuwen lizze faak ek wat mear ‘achterôf’. It karakter fan it bedriuweterrein is dêrmei bepalend foar de foarmjouwing fan nijbou.
2. Ienheid yn bebouwing per strjitte of per gebiet
Per strjitte of grutter gebiet is der sprake fan in beskate ienheid. Dy moat respektearre wurde. De mjitte fan ienheid ferskild en hinget faak ôf fan it karakter fan it bedriuweterrein. De foarm fan de bebouwing hat faak gearhing. De basis hjirfoar leit yn it omjouwingsplan. De mjitte fan gearhing yn foarmjouwing en it kleur- en materiaalgebrûk en arsjitektuer ferskilt per gebiet. Ek de mjitte wêryn’t in gebou in relaasje hat mei de iepenbiere romte ferskilt.
3. Elk pân is oars
Undernimmers kieze faak foar in eigen útstrieling. De measte bedriuwspannen ferskille hjirtroch fan elkoar. Binnen de gearhing fan in gebiet wurdt romte bean foar it foarmjaan fan in eigen útstrieling.
4. Sônearring yn de ynrjochting fan de kavels
Yn gebieten mei nivo 2 en 3 hat de ynrjochting fan de perselen in heldere sônearring. Yn gebieten mei nivo 1 is dat winske, mar net ferplicht. Lâns iepenbiere romte is in oantreklike, sa grien mooglike ynrjochting útgongspunt. Parkearplakken lizze (safolle mooglik) achter de foargevel fan de bebouwing of binne ynpast mei hagen. Opslach leit yn elk gefal achter de foargevel, mar leit by foarkar hielendal achter de bebouwing.
5. Reklame mei it byld net oerhearskje
Reklame mei it byld net oerhearskje. Reklame is in sekundêr elemint oan de gebouwen en op de terreinen. Op sichtlokaasjes (kwaliteitsnivo 3) is de reklame dúdlik mei-ûntwurpen mei de bebouwing.
Regels
- De regels moatte tapast wurde yn gearhing mei de wearden en ambysjes.
- Foar dit gebiet jilde ferskillende kwaliteitsnivo’s. Sjoch op de dielgebietekaart hokker kwaliteitsnivo jildt foar jo plan.















