Accessibility Tools
Skip to main content

G6. Wenweinen

Op in pear plakken yn de gemeente komme wenweinen foar. Wenweinlokaasjes binne wat bebouwingstypology oanbelanget net te fergelykjen mei reguliere wenwiken. In wenwein is in unike wenfoarm.

Wearden en ambysjes

1. Wenweinen binne in unike wenfoarm

In wenwein, in ferpleatsber hûs, is in unike wenfoarm. Wenweinen stean fan oarsprong op tsjillen. De foarm is faak rjochthoekich en der is ien wenlaach. It dak hat meastal in flauwe dakhelling. Yn de rin fan de tiid wurde de wenweinen hieltyd mear in ‘gewoane’ wenning. De tsjillen binne faak net mear sichtber of sels ferdwûn. En ek wurdt de kap hieltyd heger om mear wenromte te meitsjen. De werkenberens fan de wenweinen is in belangrike wearde.

2. Wenweinen passe yn foarmjouwing by elkoar

In wenwein is yn de basis in ferrydber hûs. Hjirtroch lykje wenweinen op elkoar. De gevels wurde faak mei wyt hout of stienstrips ôfwurke. Dit jout ienheid. De gearhing is in belangrike wearde dy’t wy behâlde wolle. Oanbouwen of útbouwen en skuorkes moatte sekundêr bliuwe yn it byld.

3. Wenweinwenningen oan de Kromme Wyk

Oan de Kromme Wyk yn Drachtsterkompenije binne wenweinwenningen boud. Dizze wenweinwenningen wike ôf fan de reguliere wenweinen mei’t se projektmjittich ûntwikkele binne. Ek de gevels yn naturel hout en donkergrize aksinten binne ôfwikend. Der binne twa typen wenweinwenningen. De twa typen fertoane in sterke mjitte fan gearhing. De byhearrende skuorkes binne allegear gelyk. Dizze oanwêzige gearhing moat behâlden wurde.

Regels

  • De regels moatte tapast wurde yn gearhing mei de wearden en ambysjes.
  • Foar dit gebiet jildt kwaliteitsnivo 1.

Foto's fan it dielgebiet

De Kromme Wijk 2
De Kromme Wijk 3
Woonw Kamp JFK Laan De Bouwen 2
Woonw Kamp JFK Laan De Bouwen 3
Woonw Kamp JFK Laan De Bouwen 4
Woonw Kamp JFK Laan De Bouwen 5

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere