
G5. Wenskippen, wenarken en rekreaasje-arken
Op in pear plakken yn de gemeente komme wenskippen, wenarken en rekreaasje-arken foar. Dizze bouwurken binne wetter- en wâlbûn en hawwe in alhiel eigen ferskiningsfoarm.
Wearden en ambysjes
1. It lânskip, it wetter en de griene wâlen binne dominant
In oantal arken leit yn it bûtengebiet. Yn it bûtengebiet binne de arken sekundêr oan it lânskip en it wetter. De arken meie net te folle opfalle. De foarmjouwing en it kleur- en materiaalgebrûk jouwe hjir foarm oan. De wâl by in rekreaasje- of wenark of wenskip wurdt faak brûkt troch de bewenners. De wâlen hawwe oerwaagjend in griene, lânskiplike útstrieling. Skuorkes, parkearplakken en túntsjes binne sekundêr yn it byld. De ynrjochting fan de wâlen draacht by oan de lânskiplike ynpassing fan de arken.
2. De arken yn Passchier Bollemanhaven fallen net op
De arken oan de Passchier Bollemanhaven binne sichtber fan de Drachtsterfeart, de dyk en it fytspaad ôf. De arken hawwe in ynbannige foarmjouwing en falle troch it kleur- en materiaalgebrûk net op. De arken hawwe in tún oan de dyk. Mei griene hiemskiedingen lâns de dyk wurdt de oergong fan iepenbiere romte nei tún foarmjûn. De arken hawwe in skuorre yn de tún. De skuorren wurde útfierd yn hout yn in dutsen kleurtint.
3. In rekreaasje- of wenark is in unike driuwende (rekreaasje)wenning
In rekreaasje- of wenark is te omskriuwen as in driuwende (rekreaasje)wenning. De foarmjouwing is ynbannich, dêr’t de relaasje mei it wetter en de wâl by sintraal stiet.
4. In wenskip is werkenber as skip
In wenskip is in skip dêr’t yn wenne wurdt. It skip is noch goed werkenber. Wenskippen moatte ek yn de takomst as skip werkenber bliuwe. It kleurgebrûk is ûnopfallend, passend by it skip en passend yn de omjouwing.
Regels
- De regels moatte tapast wurde yn gearhing mei de wearden en ambysjes.
- Foar dit gebiet jildt kwaliteitsnivo 1.







