Accessibility Tools
Skip to main content

G4. Wengebieten

Wengebieten komme yn de doarpen en yn Drachten foar. Yn dy gebieten wennet fierwei it grutste part fan de ynwenners fan de gemeente.

Wearden en ambysjes

1. Werkenber tiidsbyld

Bysûnder skaaimerk fan de wengebieten is dat se boud binne neffens in yn it foar betocht plan. Yn Smellingerlân is it earste wengebiet sels al yn 1916 ûntwurpen. Yn it ûntwerp fan de wengebieten is te sjen wannear’t dy ûntwikkele binne. Dat is in belangrike wearde. De ideeën oer wenjen binne feroare yn de rin fan de tiid en dat is werom te sjen op strjitte. It ûntwerp fan de iepenbiere romte, lykas de strjitten, it grien en it wetter, ferskilt per wyk. Dat jildt ek foar de posysje fan de wenningen op de kavels en de haadopset fan de wenningen. Der binne dan ek grutte ferskillen tusken de buerten. Faak lizze de wenningen mei in dúdlike foargevel nei de dyk. De oan- en útbouwen en bygebouwen lizze faak achter de foargevel. Yn oare buerten kin in erker yn de foargevel krekt hiel typearjend wêze.
Elke tiid hat syn eigen boustyl en dat is oan it ûntwerp fan de wenningen en wengebouwen te sjen. Troch de projektmjittige bou is der in soad gearhing yn de arsjitektuer en it kleur- en materiaalgebrûk. It behâld fan de stylkenmerken en de arsjitektoanyske gearhing is belangryk foar it oansicht fan in wengebiet. Feroaringen moatte passe yn it strjitbyld en by de besteande bebouwing. Sekundêre ûnderdielen meie ôfwike fan wat ‘gewoan’ is yn in buert.

2. Gearhing yn projektmjittige bebouwing

Mei’t de wengebieten foaral yn projekten boud binne, binne der in soad strjitten mei deselde wenningen. Foaral twa-ûnder-ien-kap-, rychjeswenningen of steapele bou binne as dielprojekten boud. De opset mei meardere deselde wenningen jout ienheid en rêst yn it strjitbyld. Ek is der faak in soad gearhing yn de foarm en grutte fan de bebouwing. Ek de lytsere ûnderdielen kenne in soad gearhing. Faak is der ienheid yn oan- en útbouwen, bygebou en dakkajuten. De gearhing is in belangrike wearde fan de wengebieten. Feroaringen moatte passe yn it strjitbyld en by de besteande bebouwing. Sekundêre ûnderdielen meie ôfwike fan wat ‘gewoan’ is yn in buert.

3. Fariaasje yn wenningen

Yn de wengebieten lizze ek strjitten mei frijsteande wenningen. Dy wenningen binne meastal ferskillend fan elkoar. Dy wenningen jouwe troch de lossere struktuer fariaasje yn de wenbuerten. Behâld fan de fariaasje yn dizze gebieten is útgongspunt. Feroaringen moatte passe yn it strjitbyld en by de besteande bebouwing. Sekundêre ûnderdielen meie ôfwike fan wat ‘gewoan’ is yn in buert.

4. Grutte(re) gebouwen jouwe ôfwikseling

Yn de (gruttere) wengebieten komme ek gruttere gebouwen en foarsjenningen foar. Foarbylden binne wensoarchgebouwen, sportgebouwen, winkels en appartemintegebouwen. Dizze gebouwen stean faak op in bysûnder plak. Troch de grutte (en soms ek de funksje) binne se bepalend foar de sfear fan de direkte omjouwing. Yn de foarmjouwing is de funksje werkenber. De foarmjouwing hat in relaasje mei it plak.

Regels

  • De regels moatte tapast wurde yn gearhing mei de wearden en ambysjes.
  • Foar dit gebiet jilde ferskillende kwaliteitsnivo’s. Sjoch op de dielgebietekaart hokker kwaliteitsnivo jildt foar jo plan.
  • Foar monuminten jilde eigen regels.

Foto's fan it dielgebiet

De Venen 9
De Venen 13
De Venen 20
Drachten 2
Drachten 11
Drachten 17
Haven Oudega
Himsterhout Zaailand 4
Himsterhout Zaailand 6
Opeinde 5
Rottevalle 2
Rottevalle 11
Vrijburg Saffier 1
Vrijburg Saffier 3
Vrijburg Saffier 5
Vrijburg Saffier 8

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere