
G3. Linten
Linten komme foar yn de doarpen en yn Drachten. Yn de linten is de bebouwing sterk relatearre oan it berin fan de histoaryske fearten en diken. De bebouwingstichtheid fariearret. Faak is it, hoe fierder fan de ‘doarpskearn’ ôf, hoe grutter de romte tusken de bebouwing is. It bebouwingsbyld fariearret fan doarpsk oant stedsk.
Wearden en ambysjes
1. Histoaryske lytsskalige doarpske linten
Wenjen is de haadfunksje yn de doarpske linten, mar ek (histoaryske) (wen)pleatsen, bedriuwen en winkels komme foar. De linten yn de doarpen hawwe in histoarysk karakter. Dat jildt ek foar linten fan de Aldewei, de Dwersfearten en foar in part de Folgeraloane yn Drachten. Dizze linten folgje it berin fan histoaryske fearten en diken. De doarpske linten hawwe in lytsskalich, tradisjoneel oant histoarysk karakter. Nije ûntwikkelingen passe by dit karakter of foarmje hjirmei in soarchfâldich kontrast.
2. Fariearre stedske linten
De Boargemaster Wuitewei en de Stasjonswei binne de stedske linten. Wenningen en foarsjenningen wikselje elkoar ôf. Yn de Stasjonswei is in trijedieling werkenber (noard, midden en súd). Nijbou of feroaringen meie gjin ôfbrek dwaan oan dy yndieling. De stedske linten hawwe in fariearre strjitbyld. Der is fariaasje yn skaal, maat en foarmjouwing. Nije ûntwikkelingen moatte de stêdeboukundige en arsjitektoanyske kwaliteit fan de linten fersterkje.
3. Pearels yn de linten
Yn de linten komme ferskillende pearels foar. Dit binne pannen (en soms ek de hiemen) mei in bysûndere wearde of bysûndere foarmjouwing. Dit binne yn elk gefal de monuminten en de histoaryske (wen)pleatsen op (eardere) boerehiemen. Op inkele plakken komme ek groepen bysûndere gebouwen foar út ien en deselde tiidsperioade. Dizze saneamde ‘ensembles’ binne romtlik tige weardefol. Faak is it foar elkenien dúdlik dat it om bysûndere pannen giet.
It kin ek foarkomme dat de advyskommisje fan oardiel is dat in pân bysûnder is. Bygelyks as in gebou tekenjend is foar de bouperioade of details hiel bysûnder binne. By ferbou fan dizze pearels is behâld fan it weardefolle byld útgongspunt.
4. Rollûken taaste it strjitbyld net (te folle) oan
Yn ferbân mei de feiligens wurde faak rollûken tapast. De negative ynfloed fan rollûken op it strjitbyld wolle wy safolle mooglik beheine. De rollûken moatte op in soarchfâldige wize op of yn de geven oanbrocht wurde. De kleur mei net opfalle en de rollûken moatte in fisueel iepen karakter hawwe.
5. Sinnekearders binne sekundêr yn it strjitbyld
Sinnekearders binne sekundêr en meie it strjitbyld net fersteure. Sinnekearders binne ôfstimd op de arsjitektuer fan it gebou. Sinnekearing mei net in tige sletten gevelbyld opsmite.
6. Luifels binne in yntegraal ûnderdiel fan de arsjitektuer en sekundêr yn it strjitbyld
Nije luifels binne ûntwurpen as yntegraal ûnderdiel fan de arsjitektuer fan de bebouwing. Nije luifels moatte sekundêr wêze yn it strjitbyld
Regels
- De regels moatte tapast wurde yn gearhing mei de wearden en ambysjes.
- Foar it hiele gebiet jildt kwaliteitsnivo 3.
- Foar monuminten jilde eigen regels.
















