Accessibility Tools
Skip to main content

G2. Sintrum Drachten en assekrús

Dit gebiet omfettet it sintrum fan Drachten en it saneamde ‘assekrús’. Dat is it fuotgongersgebiet Noarderbuert-Suderbuert-Molenein-Kaden. It sintrumgebiet is ûntstien op de krusing fan de dyk mei de groeven Kompanjonsfeart. Dizze feart markearre de feankoloanje. Mei’t de feart in rjochte hoeke mei de dyk makke, ûntstie de karakteristike krúsplattegrûn (it assekrús), dêr’t bebouwing oan it wetter lâns ûntstie.

Wearden en ambysjes

1. De struktuer en it lytsskalige, fariearre karakter fan it assekrús

It assekrús is bylddrager fan it sintrum en jout in goede werjefte fan de histoaryske groei. De struktuer fan it assestelsel is noch meastepart geef. De lytsskaligens, de histoaryske roailinen en de fariaasje yn arsjitektuer jouwe it gebiet in sterke eigen identiteit. De stêdeboukundige en arsjitektoanyske kwaliteit fan de nije plannen is heech.

2. De struktuer fan de pleinen en wanden

Yn de hoeken fan it assekrús en yn it súdlike part fan it assekrús wurdt it byld foaral bepaald troch pleinen en wanden. De bebouwing hat in mear kompleksmjittich karakter. Yn dizze gebieten is ekstra omtinken winske foar de skaal en maat fan de bebouwing en de oriïntaasje op de iepenbiere romte.

3. Kompleksmjitige en gruttere bebouwing hat betsjutting foar de iepenbiere romte

Yn it gebiet komme meardere bysûndere funksjes en gruttere gebouwen foar. Grutte winkels, De Lawei, it gemeentehûs en it museum binne foarbylden. By kompleksmjittige bebouwing wurdt rekkening holden mei de skaal en maat fan de omjouwing en minsklike maat. De bebouwing hat in sterke relaasje mei de iepenbiere romte. Foar de begeane grûn jildt dat ekstra. De funksjes binne werkenber yn it ûntwerp. Grutte gebouwen meie net te flak en strak wêze.

4. Winkelpeien passe yn it gevel- en strjitbyld

Yn it gebiet komme in soad winkels foar. Winkelpeien moatte passe yn it gevelbyld. De arsjitektuer, de pânbreedte, de ferdjippingshichte, de gevelritmyk en it kleur- en materiaalgebrûk fan it oanbelangjende pân wurdt sekuer respektearre. Winkelpeien moatte in transparante útstrieling hawwe, en hawwe in sterke relaasje mei de strjitte/iepenbiere romte.

5. Rollûken taaste it strjitbyld net (te folle) oan

Yn ferbân mei de feiligens wurde faak rollûken tapast. De negative ynfloed fan rollûken op it strjitbyld wolle wy safolle mooglik beheine. De rollûken moatte op in soarchfâldige wize op of yn de geven oanbrocht wurde. De kleur mei net opfalle en de rollûken moatte in fisueel iepen karakter hawwe.

6. Sinnekearders binne sekundêr yn it strjitbyld

Sinnekearders binne sekundêr en meie it strjitbyld net fersteure. Sinnekearders binne ôfstimd op de arsjitektuer fan it gebou. Sinnekearing mei net in tige sletten gevelbyld opsmite.

7. Luifels binne in yntegraal ûnderdiel fan de arsjitektuer en ûndergeskikt yn it strjitbyld

Nije luifels binne ûntwurpen as yntegraal ûnderdiel fan de arsjitektuer fan de bebouwing. Nije luifels binne sekundêr yn it strjitbyld of transparant. Nije luifels meie de gevels net yn twa parten ferdiele en meie de boppebou net ûnsichtber meitsje.

Regels

  • De regels moatte tapast wurde yn gearhing mei de wearden en ambysjes.
  • Foar it hiele sintrumgebiet en it assekrús jildt kwaliteitsnivo 3.
  • Foar monuminten jilde eigen regels.

Foto's fan it dielgebiet

Centrum En Assenkruis 1
Centrum En Assenkruis 3
Centrum En Assenkruis 8
Centrum En Assenkruis 14
Centrum En Assenkruis 15
Centrum En Assenkruis 41
Centrum En Assenkruis 45
Centrum En Assenkruis 51
Centrum Winkels 1
Centrum Winkels 3
Centrum Winkels 5
Centrum Winkels 6
De Lawei 5
Gemeentehuis 4
Laweiplein Overkant 2
Museumplein 11

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere