Accessibility Tools
Skip to main content

G1. Bûtengebiet

It bûtengebiet omfettet rûchwei it gebiet om de doarpen en Drachten hinne. It gebiet wurdt skaaimerke troch twa lânskipstypen, it kûliselânskip en it feangebiet.

De bebouwing hat in lanlik karakter en bestiet oerwaagjend út agraryske bedriuwen, wenpleatsen en wenningen.

Wearden en ambysjes

1. It lânskip oerhearsket

Yn it bûtengebiet oerhearsket it lânskip. De bebouwing is yn skaal en útstrieling sekundêr oan it lânskiplik byld. De bebouwing hat yn prinsipe in ôfrinnend dak. It kleur- en materiaalgebrûk fan de bebouwing is tradisjoneel oant modern en net opfallend.

2. De skaaimerken fan de twa lânskippen binne bepalend

It bûtengebiet bestiet út kûliselânskip en feangebiet.

  • De skaaimerken fan dizze lânskipstypen bepale de pleatsing en de foarmjouwing fan de bebouwing.
  • De situearring fan de gebouwen hat in sterke relaasje mei de ferkaveling en/of ûndergrûn.
  • Hiemen hawwe griene hiemrânen en griene hiemskiedingen passend by it lânskipstype.

Binne jo benijd nei it ûntstean, de skaaimerken en de kwaliteiten fan it lânskip fan Smellingerlân? De lânskipsbiografy ‘Het verhaal van Smallingerland’ jout jo mear ynformaasje.

Kûliselânskip

It kûliselânskip hat in besletten karakter. De stripeferkaveling en de elzesingels lâns de kavels en diken binne typearjend. Boerehiemen en hiemen fan wenningen lizze faak tusken singels. De hiemen binne hjirtroch sterk ferbûn mei it lânskip.

Feangebiet

It feangebiet hat in iepen karakter. De polders mei polderdiken en de opstrekkende ferkaveling binne typearjend. Boerehiemen en hiemen fan wenningen binne faak beplante. Dy binne dêrtroch besletten griene plakken yn it iepen feangebiet.

3. De fariearre griene lanlike linten binne tekenjend

It bûtengebiet wurdt skaaimerke troch lintbebouwing. De linten hawwe in grien oansicht en de relaasje mei it lânskip is fielber. De tichtens fan de bebouwing yn de linten fariearret. De bebouwing bestiet foaral út frijsteande wenningen, ôfwiksele mei pleatsen. De wenningen binne yn foarmjouwing frijwol allegear ferskillend. Ek is der sprake fan fariaasje yn de situearring. De wenningen stean soms yn de rjochting fan de ferkaveling en yn oare gefallen krekt heaksk op ’e dyk. Ek de ôfstân nei de dyk ta ferskilt. Dizze skaaimerken jouwe de linten in fariearre oansicht.

4. Boerehiemen hawwe in foar- en achterhiem

Boerehiemen hawwe fan oarsprong altyd in foar- en achterhiem. By skaalfergrutting fan bedriuwen wurdt dit prinsipe ek hantearre. Binne jo fan doel om jo bedriuw út te wreidzjen? Dan jilde ûndersteande prinsipes by skaalfergrutting:

  • Boerehiemen binne sa kompakt mooglik foarmjûn. De foarm is faak rjochthoekich. De rjochthoeke is yn foarm ôfstimd op de ferkavelingsstruktuer.
  • De foarmjouwing fan de hiemrânen is passend by it lânskipstype.
  • It foarhiem is foaral it wendiel fan it hiem. De wenning of (histoaryske) pleats en de foartún bepale it byld. Sierbeplanting (beammen, heesters en hagen) draacht by oan in fraai oansicht.
  • It achterhiem is it wurkdiel fan it hiem. It achterhiem hat ferskillende sônes. De skuorren en stâlen stean meastal op it foarste diel fan it achterhiem. Eventuele dongfergêstingsynstallaasjes binne klustere en yn gearhing mei de oanwêzige skuorren en stâlen. Mear nei achteren is romte foar legere dielen lykas sleufsilo’s. En ek opslach is faak achter op it hiem.

De ‘Hantlieding Hiemynrjochting Bûtengebiet’ jout ynformaasje en oanwizingen foar de ynpassing fan ûntwikkelingen yn it lânskip.

5. Histoaryske (wen)pleatsen

De histoaryske pleatsen binne kultuerhistoarysk weardefol en tige bepalend foar it byld fan it bûtengebiet. Se stean symboal foar de agraryske oarsprong fan de gemeente. Behâld fan de pleatsen is wêzentlik foar de útstrieling fan it bûtengebiet. By ferbou is behâld fan it besteande karakter it startpunt.

Regels bûtengebiet

  • De regels moatte tapast wurde yn gearhing mei de wearden en ambysjes.
  • Foar dit gebiet jilde ferskillende kwaliteitsnivo’s.
  • Sjoch op de kaart hokker kwaliteitsnivo jildt foar jo plan.
  • Foar monuminten jilde eigen regels. Dy jilde ek foar pleatsen dy’t as monumint oanwiisd binne.

Foto's fan it dielgebiet

Aan De Doese Dr Compagnie 1
Aan De Knobben Dr Compagnie 6
De Feart 5
Goengahuizen 3
Goudtsjepoel Oudega 2
Goudtsjepoel Oudega 3
Goudtsjepoel Oudega 4
Houtigehage Buitengebied 1
Houtigehage Buitengebied 3
Houtigehage Buitengebied 4
Houtigehage Buitengebied 9
Opeinde 3
Opeinde 4
Ronde De Veenhoop 1
Ronde De Veenhoop 10
Ronde De Veenhoop 11

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere