
Oan de slach mei de regels foar in bysûnder bouplan
Hawwe jo in bysûnder bouplan? Besjoch dan mei de folgjende stappen oan hokker regels jo plan foldwaan moat.
Stap A. Yn hokker dielgebiet leit jo plan?
De gemeente is opdield yn gebieten. Foar elk dielgebiet binne wearden en ambysjes beskreaun. Dêrmei moatte jo rekkening hâlde mei jo bouplan.
Sjoch op de kaart yn hokker dielgebiet jo bouplan leit en hokker wearden en ambysjes der jilde. Jo kinne sels rûnsjen op de kaart of jo kinne it adres ynfiere.
Stap B. Bepaal it kwaliteitsnivo fan jo lokaasje
Wy wurkje mei ferskillende kwaliteitsnivo’s. Dit jout oan wat de (minimale) kwaliteit fan jo bouplan wêze moat. In gebiet mei in heech kwaliteitsnivo hat mear easken oan it ûntwerp. Yn in gebiet mei in leech kwaliteitsnivo jilde minder regels.
Stap C. Bepaal hokker regels jilde foar jo plan
Jo witte no it dielgebiet en it (minimale) kwaliteitsnivo fan jo plan. Hjirmei kinne jo bepale hokker regels en hokker wearden en ambysjes foar jo plan jilde. De regels moatte yn gearhing mei de wearden en ambysjes lêzen en tapast wurde.
Kwaliteitsnivo’s
Stap D. Wearden en ambysjes foar jo plan
Besjoch, foardat jo jo plan yntsjinje, oft jo genôch rekkening hâlde mei de wearden fan de omjouwing en de ambysjes. De advyskommisje fan de gemeente sjocht by it beoardieljen fan in bysûnder bouplan altyd nei de omjouwing.
Hoe kinne jo sels mei de wearden en ambysjes oan de slach? En wêr moatte jo op lette? Dêroer lêze jo hjir mear:
Stap E. Tsjinje jo plan yn by de gemeente
Hawwe jo de foargeande stappen trochrûn, en past jo plan binnen de regels? Dan foldogge jo oan de regels fan de gemeente foar bysûndere bouplannen. Jo kinne dan de omjouwingsfergunning oanfreegje foar jo bouplan. Jo kinne jo bouplan ek earst toetse litte, om te sjen oft jo plan foldocht oan de easken.
Wat moatte jo, of jo adviseur, oanleverje?
- Situaasjetekening ynklusyf oanslutende terreinen (minimaal skaal 1:1.000);
- Tekeningen fan besteande en nije plattegrûnen;
- Trochsneden en geveloansichten (minimaal skaal 1:100);
- Tekeningen fan byldbepalende prinsipedetails;
- Kleureskema en materiaallist;
- Foto’s fan de besteande situaasje en de omjouwing.
Stap F. In omjouwingsfergunning krije foar jo plan
Dizze stap wurdt útfierd troch de gemeente. De advyskommisje bepaalt oft jo plan passend is yn de omjouwing, of net. Jo krije in omjouwingsfergunning as:
- jo bouplan rekkening hâldt mei de wearden en ambysjes;
- de kwaliteit fan it bouplan past by it kwaliteitsnivo.
De regels binne net keihurd en litte romte foar maatwurk. Dat betsjut net dat alles kin. Mar it betsjut wol dat wy soms ôfwike kinne fan de regels. De advyskommisje bepaalt oft dat mooglik is. By (bewust) ôfwiken advisearje wy om yntiids mei de advyskommisje om tafel te gean. Foaral ek om in negatyf tefoaren te kommen en om de ûntwerpkosten te beheinen. Dêroer lêze jo hjir mear.