Accessibility Tools
Skip to main content

Goed sjen nei de omjouwing.
Hoe dogge jo dat?

Wy fine it belangryk dat in plan past yn de omjouwing. Dêr beoardielje wy alle plannen op. Elke omjouwing is oars. Sjoch dêrom goed nei de omjouwing dêr’t jo plan yn leit.

Omjouwing is in rom begryp. Meastal is it genôch om goed te sjen nei de strjitte dêr’t jo plan yn leit. Stean der mar in bytsje bouwurken yn de strjitte, dan is de omjouwing dêr’t jo rekkening mei hâlde moatte grutter.

Nei hokker ûnderdielen moatte jo sjen?

Nei hokker ûnderdielen moatte jo sjen?

Skiednis fan it plak

Wat is de skiednis fan it plak? Foaral yn it bûtengebiet, de linten en it sintrum fan Drachten is de skiednis fan it plak fielber. De bysûnderheden dy’t gearhingje mei de skiednis moatte in rol krije yn jo plan. It kin gean om de rjochting fan de bebouwing. It plak fan de foargevel. De foarmjouwing fan de bebouwing. Mar ek de foarmjouwing fan de rânen fan jo perseel. Yn it bûtengebiet binne elzesingels bygelyks hiel belangryk. Wylst midden yn Drachten in hage op de hiemgrins hiel weardefol is.

Haadgebouwen yn de buert

Hoe stean oare haadgebouwen yn de omjouwing op it perseel? Stean dy heaksk op of lykrinnend oan de dyk? Of stean de bouwurken ûnder in hoeke? Stean alle bouwurken like fier fan de dyk? Of sit hjir krekt ferskil yn? De antwurden op dizze fragen binne ek bepalend foar jo bouplan, om’t jo plan passe moat yn de omjouwing.

Bygebouwen in de buert

Wat is it plak, de grutte en foarmjouwing fan fergelykbere oan- en útbouwen, bygebouwen en dakkajuten yn de omjouwing? Dat is meibepalend foar jo plan.

Kleuren en materialen yn de buert

Wat binne de meast foarkommende kleuren en materialen yn de omjouwing? Dat is fan belang foar jo plan. Yn in wenstrjitte mei allinnich mar huzen yn bakstien is in houten wenning bygelyks minder passend.

Boustyl yn de buert

Wat is de meast foarkommende boustyl/arsjitektuer? Yn in buert mei allinnich jierren ’30 wenningen is in modern hûs net passend. Mar yn in strjitte mei in soad fariaasje kin dat bygelyks wol.

Gevels en útstrieling

Wat is de foarmjouwing fan de gevels? Binne de gevens hiel sletten (net in soad ruten/doarren)? Of krekt hiel iepen? Binne de ruten hiel  horizontaal? Of krekt fertikaal? Of in bytsje fan beiden?

Passend by wat der is

Passe yn de omjouwing betsjut dat in bouplan passe moat by de wearden fan in gebiet. Dat betsjut dat oansletten wurde moat by de mast foarkommende skaaimerken fan de omjouwing. It giet hjirby net om de útsûnderingen. As der wat ôfwykt yn de strjitte, betsjut dat net dat jo ek ôfwike meie. Soms binne der yn it ferline ek karren makke dy’t wy no net mear passen fine. Bygelyks as in bouwurk sterk ôfwykt fan de omjouwing. Of as in bouplan net past by de skiednis fan it plak. Ek moat in plan passe by de ambysjes foar in gebiet. De gemeente hat in bepaald byld foar eagen mei in gebiet. Jo bouplan moat dêrby oanslute.

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere