Accessibility Tools
Skip to main content

Regels foar bysûndere bouplannen

Wat is in bysûnder bouplan?

Hawwe jo in bouplan foar in nije wenning, de werûntwikkeling fan in perseel of in oare grutte yngreep? Dan is de kâns grut dat jo in plan hawwe dêr’t de gemeente mear omtinken oan jaan wol. Wy neame dit in bysûnder bouplan. In bysûnder bouplan giet altyd fia de advyskommisje. De advyskommisje sjocht oft jo bouplan past yn de omjouwing. Ek sjocht de advyskommisje oft der sprake is fan in goed ûntwerp.

Wannear jilde de regels foar bysûndere bouplannen net?

  • Falt jo plan yn in gebiet mei in byldkwaliteitsplan? Dan jilde allinnich de regels fan in byldkwaliteitsplan. Hjir kinne jo neigean oft jo plan yn in gebiet leit mei in byldkwaliteitsplan.
  • Hawwe jo in plan by in monumint? Foar monuminten jilde eigen regels. Dêroer lêze jo hjir mear.
  • Foar faak foarkommende boufragen (bygelyks in dakkajút) hat de gemeente standertregels opsteld; de ienfâldige bouplannen. Hjir gean jo nei oft jo plan foldocht oan de regels foar in ienfâldich bouplan.

Oan de slach

Foar de bysûndere bouplannen wurket de gemeente mei dielgebieten en kwaliteitsnivo’s. Besjoch de regels dêr’t jo bouplan oan foldwaan moat hjir:

Nim in adviseur, ûntwerper of arsjitekt yn de earm

Yn in bysûnder bouplan komt in soad sjen. Der binne in soad regels dêr’t jo plan oan foldwaan moat. Wy advisearje dan ek om in (boukundich) adviseur, ûntwerper of arsjitekt yn de earm te nimmen. Hy wit nammentlik hoe’t de hazzen rinne. En dat kin helpe yn de snelheid. Ek kin in adviseur, ûntwerper of arsjitekt in ûntwerp meitsje mei mearwearde foar jo en de omjouwing.

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere