
Leit jo plan yn in byldkwaliteitsplan
Wat is in byldkwaliteitsplan?
In soad nijbougebieten hawwe in byldkwaliteitsplan. Ek gebieten dêr’t noch in soad boud wurdt (en dus in soad feroaret), hawwe in byldkwaliteitsplan. It byldkwaliteitsplan is spesjaal makke foar dat gebiet.
Wolle jo bouwe yn sa’n gebiet? Dan moat jo plan passe binnen de regels fan it byldkwaliteitsplan. Jo plan wurdt dan kontrolearre en toetst troch de advyskommisje. De regels foar ienfâldige of bysûndere bouplannen en de regels foar reklame jilde hjir net. It byldkwaliteitsplan is bepalend.
Stap A. Kontrolearje en sykje it byldkwaliteitsplan op
Sjoch op de kaart mei jildende byldkwaliteitsplannen oft der op it plak fan jo bouplan in byldkwaliteitsplan jildt. Jo kinne dêrnei fuortdaliks it byldkwaliteitsplan besjen.
Witte jo al yn hokker byldkwaliteitsplan jo plan falt? Selektearje dan it plan út de list.
Stap B. Past jo plan yn de regels fan it byldkwaliteitsplan?
Freegje dan in fergunning oan!
Besjoch it byldkwaliteitsplan sekuer en bepaal oan hokker bouregels jo plan foldwaan moat. Dizze regels jilde foar alle bouplannen. Ofwike fan de regels yn it byldkwaliteitsplan kin ûnder betingsten.
Past jo plan yn de regels fan it byldkwaliteitsplan? Freegje dan in omjouwingsfergunning oan foar jo plan.
Binne jo net wis oft jo foldogge oan alle betingsten? Lit jo plan dan toetse op helberens. Sa hawwe jo mear wissichheid oer de kâns fan slagjen.
Stap C. Leit jo plan net yn in byldkwaliteitsplan?
As jo plan net yn in gebiet leit dêr’t in byldkwaliteitsplan foar jildt, gean dan werom nei it stappeplan foar bouplannen. Dêr kinne jo sjen oan hokker regels jo foldwaan moatte om jo plan te realisearjen.
Alle byldkwaliteitsplannen yn de gemeente Smellingerlân
- BKP In de Luwte 1 Drachtstervaart fase 3C 26102023
- BKP Horecavoorzieningen Parkhaven Drachtstervaart 14022023
- BKP Vrijburgh fase 3(240219)
- G20J – Eilandkavel Saffier, De Burmaniakamers (Burmania)
- G24g Wonen en werken Susterwei De Tike plangebied
- G24g Wonen en werken Susterwei De Tike
- G25 GB a-j Boornbergum Middelgeast
- G25a Verlengde lint (Boornbergum Middelgeast)
- G25b Wonen in de boskamer (Boornbergum Middelgeast)
- G26 BKP Tussendiepen
- G27 GBa-k Bedrijvenpark A7 Noord
- G27a Waterpark (Bedrijvenpark A7 Noord)
- G27b Hoofdvaarten (Bedrijvenpark A7 Noord)
- G27c of h Bedrijvenpark A7 Noord (Wijken of Zijstraten)
- G27 Wijken (Bedrijvenpark A7 Noord)
- G27d of h Bedrijvenpark A7 Noord (Wegen in de verkavelingsrichting of Zijstraten)
- G27d Wegen in de verkavelingsrichting (Bedrijvenpark A7 Noord)
- G27e Werk-woonlocaties (Bedrijvenpark A7 Noord)
- G27f Representatieve zone A7 (Bedrijvenpark A7 Noord)
- G27g Representatieve zone N31 (Bedrijvenpark A7 Noord)
- G27h Zijstraten (Bedrijvenpark A7 Noord)
- G28 GB a-e Bedrijvenpark Nijtap
- G28a Bedrijven langs de Noorderhogeweg (deelgebied 1) (Bedrijvenpark Nijtap)
- G28b Bedrijven in het tussengebied (deelgebied 2) (Bedrijvenpark Nijtap)
- G28c Bedrijven grenzend aan de bosstrook (deelgebied 3) (Bedrijvenpark Nijtap)
- G28d Bijzonder gebouw (deelgebied 4) (Bedrijvenpark Nijtap)
- G28e Bestaand bebouwing (deelgebied 5) (Bedrijvenpark Nijtap)
- G32 Waterfront Oudega 01-06-2021
- G32g Op 'e Wal 4 Oudega
- G33 Vrijburgh 2 Beeldrichtlijnen
- G34 Waterfront Oudega 01-06-2021