Accessibility Tools
Skip to main content

Stappeplan foar jo bouplan

In soad bouplannen falle ûnder de kategory ‘oare bouplannen’ (dat betsjut, jo plan is net by in monumint en giet net oer reklame). Hokker regels der jilde hinget ôf fan de grutte en it plak fan it bouplan. Folgje de fjouwer stappen, sa ûntdekke jo hokker regels foar jo jilde.

Stap 1. Hawwe jo in omjouwingsfergunning nedich?

Jo kinne sels sjen oft jo in omjouwingsfergunning foar it bouwen nedich hawwe. Dat kin op de website fan de Ryksoerheid.

Hawwe jo in fergunning nedich? Gean dan nei stap 2.

Is jo plan fergunningfrij? Dan hoege jo gjin omjouwingsfergunning oan te freegjen. Jo moatte wól foldwaan oan de regels foar omjouwingskwaliteit. Besjoch dêrom de regels omjouwingskwaliteit foar fergunningfrije bouplannen.


Stap 2. Leit jo plan yn in byldkwaliteitsplan?

Is jo plan net fergunningfrij? Dan is de folgjende stap om te sjen oft jo bouplan yn in gebiet leit dêr’t in byldkwaliteitsplan jildt. Bygelyks yn in nijbougebiet of in gebiet dêr’t noch in soad feroaringen barre. It byldkwaliteitsplan jildt dan foar alle bouplannen.

Sjoch op de kaart oft der foar jo bouplan in byldkwaliteitsplan jildt. Of gean fuortdaliks nei de pagina mei mear ynformaasje oer byldkwaliteitsplannen.


Stap 3. Is jo plan in ienfâldich bouplan?

Is jo bouplan net fergunningfrij en jildt der ek gjin byldkwaliteitsplan? Dan kin it wêze dat jo bouplan falt ûnder de regels foar ienfâldige bouplannen. Dat binne lytse, faak foarkommende plannen (lykas in dakkajút of in hiemskieding), dêr’t dúdlike regels foar jilde. Foar in ienfâldich bouplan hawwe jo in fergunning nedich.


Stap 4. Jo bouplan is in bysûnder bouplan

Falt jo plan net ûnder stap 1, 2 en 3? Dan heart jo plan ta de bysûndere bouplannen. It giet faak om gruttere of yngewikkelde bouplannen. Foar dy bouplannen jilde regels per gebiet.

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere