Accessibility Tools
Skip to main content

Regels foar reklame

Wolle jo reklame meitsje?

Wolle jo reklame meitsje op of by in gebou, of reklame meitsje yn de iepenbiere romte? Foar reklame jilde in soad ferskillende regels. Hokker type reklame past it bêste by jo plan?

  1. Wolle jo tydlik reklame meitsje (sa as foar eveneminten of in iepen dei)?

Foar tydlike reklame jilde beliedsregels. Jo kinne in fergunning oanfreegje foar tydlike reklame. Of mail nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. foar mear ynformaasje.


  1. Wolle jo reklame meitsje mei in maatskiplik boadskip (ideële reklame)?

Foar ideële reklame hawwe jo gjin fergunning nedich. Dat mei bygelyks fia folders, oanplakbiljetten, reklamebuorden, spandoeken, ets. (Artikel 7 fan de Grûnwet). De gemeente mei de duer en it plak wol beheine.


  1. Kontrolearje hokker reklame net tastien is!

Net alles mei as it giet om reklame. Kontrolearje earst oft jo plan foar reklame falt ûnder de list mei ferbeane foarmen fan reklame.


  1. Kontrolearje hokker reklame fergunningfrij is!

Guon soarten reklame binne fergunningfrij. It is de muoite wurdich om te besjen oft jo reklame hjiroan foldocht.


  1. Wolle jo reklame oanbringe op in monumint?

Foar reklame by in monumint jilde strangere regels. Dat binne deselde regels as foar oare (bou)plannen by monuminten.


  1. Wolle jo reklame meitsje yn de iepenbiere romte?

Reklame yn de iepenbiere romte is meastal net mooglik. Dit is bygelyks reklame lâns de dyk, yn in bushokje of op in reklameboerd. De gemeente hat aparte regels foar reklame en beweiwizering yn de iepenbiere romte.


  1. Regels foar reklame – de flugge rûte

Falt jo plan net ûnder de ferbeane foarmen fan reklame? En giet it net om reklame by in monumint of yn de iepenbiere romte? Dan kinne in soad foarmen fan reklame de flugge rûte folgje.


  1. Wat as jo plan net past binnen de flugge rûte?

Past jo plan foar reklame net binnen de earste 7 punten? Dan is in wiidweidige toetsing nedich. Wy beskôgje jo plan dan as in bysûnder bouplan.

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere