Accessibility Tools
Skip to main content

Regels foar monuminten

Hawwe jo plannen mei of by in monumint?

Yn de gemeente binne meardere monuminten oanwêzich. By in gemeentlik monumint of ryksmonumint jilde strangere regels, om’t wy dy bysûndere gebouwen goed beskermje en bewarje wolle. Dêrom hawwe wy 10 regels dêr’t plannen foar monuminten oan foldwaan moatte. Dy jilde ek foar reklame by in monumint.

Binne jo net wis oft jo in monumint hawwe? Kontrolearje dan earst op de kaart oft jo in ryksmonumint of gemeentlik monumint hawwe.

Omjouwingsfergunning oanfreegje

Fanwegen de bysûndere wearden fan monuminten moatte jo altyd in omjouwingsfergunning oanfreegje, as jo wat wizigje wolle oan in monumint. Dat jildt ek foar reklame. In plan foar in monumint is altyd maatwurk en rjochte op behâld fan it monumint.

Beoardieling fan jo plan foar in monumint

Lytsere plannen of lytse yngrepen oan of by in monumint beoardielje wy mei in advyskommisje. Hawwe jo in grutter plan of hat jo plan grutte gefolgen foar in monumint? Dan wurdt it beoardiele troch de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed, tegearre mei de Advyskommisje Omjouwingskwaliteit fan de gemeente en soms de provinsje Fryslân.

Dizze 10 regels jilde foar jo bouplan by in monumint

  1. Basisregels altyd fan tapassing

    Wy beoardielje alle plannen, ek plannen foar monuminten, op grûn fan de basisregels

  1. Behâld en werstel

    Behâld en werstel (renovaasje en restauraasje) fan it monumint en it hiem moat altyd de basis wêze foar in plan. By ferbou of funksjeferoaring is it belangryk dat jo de bysûndere skaaimerken behâlden of werstelle.

  1. Unike skaaimerken behâlde

    Elk monumint is unyk, en hat in oanwizingsbeslút dêr’t de bysûndere en unike skaaimerken fan it monumint yn beskreaun stean. By de measte monuminten is net allinnich it gebou bysûnder en weardefol, mar ek it hiem deromhinne. De ynrjochting fan it terrein en de omjouwing binne faak hiel belangryk foar de unike útstrieling fan it monumint.

    Wy nimme de ynhâld fan it oanwizingsbeslút en de omjouwing fan it monumint mei by it toetsen fan jo plan.

  1. Dúdlik ûntwerp

    By tafoegingen of feroaringen oan, op of by in monumint (of it hiem) wurdt mei soarch foar in heech kwaliteitsnivo in dúdlike ûntwerpkar makke:

    • it ûntwerp past by de spesifike eigenskippen fan it gebou (kwa styl, tiidsbyld, kleur en materiaalgebrûk);
    • it (nije) ûntwerp falt net op;
    • it ûntwerp is werkenber (eigentiidsk) mei respekt foar alle (styl)skaaimerken.
  1. Passende kleuren, materialen en detaillearring

    It kleurgebrûk, de brûkte materialen en de detaillearring (de technyske útfiering) passe by de ûntwerpkar en binne fan hege kwaliteit.

  1. Kajuten en dakruten sekundêr

    Kajuten en dakruten binne sekundêr en dogge gjin ôfbrek oan de werkenberens fan de kapfoarm, it dakflak en eventuele spesifike details fan it dak of dakrânen.

  1. Reklame sekundêr

    Reklame-uteringen binne dúdlik sekundêr en mei-ûntwurpen yn de styl fan it monumint.

  1. Skuttingen en oare hiemskiedingen grien en sekundêr

    Hiemskiedingen hawwe in grien karakter of binne mei-ûntwurpen yn de styl fan it monumint en/of oarspronklike hiemynrjochting.

  1. Technyske ynstallaasjes sekundêr

    Ynstallaasjes, lykas bygelyks in liftskacht, binne dúdlik sekundêr yn it byld.

  1. Sinnepanielen, griene dakken en duorsumens sekundêr

    Sinnepanielen of in grien dak binne by in monumint mooglik. Ek oare maatregels foar duorsumens binne tastien. Mar, dy bliuwe altyd sekundêr yn it byld. Se dogge gjin ôfbrek oan de werkenberens fan de kapfoarm, it dakflak en oare spesifike skaaimerken fan it monumint.

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere