
Jo plan toetse litte?
Gean jo oan de slach mei jo plan? En wolle jo mear wissichheid oer de kâns fan slagjen? Dan kinne jo by de gemeente in foaroerlis oanfreegje. Wy toetse jo plan dan op helberheid. Tink derom, oan dit fersyk binne kosten ferbûn.
By it yntsjinjen fan it fersyk moatte jo de folgjende gegevens oanleverje.
- Tekening fan de besteande en de nije situaasje ynklusyf oanslutende terreinen mei ôfmjittingen (minimale skaal 1:1.000)
- Tekeningen fan de besteande en de nije plattegrûnen mei ôfmjittingen (minimale skaal 1:100)
- Tekeningen fan de besteande en de nije trochsneden mei ôfmjittingen (minimale skaal 1:100)
- Tekeningen fan de besteande en de nije geveloansichten mei ôfmjittingen (minimale skaal 1:100)
- By monuminten: ek tekeningen fan boukundige details dy’t belangryk binne foar de foarmjouwing en útstrieling fan de bebouwing
- In list fan de te brûken kleuren en materialen
- Foto’s fan de besteande situaasje en de omjouwing