Accessibility Tools
Skip to main content

Oertrêdingen en eksessen (de rem)

Wannear stapt de gemeente op de rem?

Soms is in (foarsteld) bouwurk kompleet oars en past it totaal net yn de omjouwing. Of is in besteand gebou yn tige minne steat. Yn sa’n gefal kin de gemeente op ‘de rem’ traapje. As gemeente kinne wy altyd yngripe, ek foar fergunningfrije plannen.

De rem wurdt yn faktermen ‘eksesseregeling’ neamd. De eksesseregeling betsjut dat it uterlik fan in bouwurk of steanplak net yn slimme mjitte yn striid (yn oertrêding) wêze mei mei de regels foar omjouwingskwaliteit út de NOS. De eksesseregeling jildt foar alle bouwurken, dus ek oerkapingen, skuorren, bygebouwen, hiemskiedingen en reklame.

Wy brûke de rem net samar. It giet om slimme gefallen wêryn’t it ek foar net-saakkundigen dúdlik is dat der hanthavene wurde moat. Der binne twa redens om op de rem te traapjen.

  • Tige ôfwikende foarmjouwing
    In bouwurk wykt foar in part of hielendal hiel bot (bûtenwenstich) ôf fan de omjouwing en/of it oarspronklike ûntwerp.
  • Slimme ferwaarleazging
    In bouwurk is foar in part of hielendal slim ferwaarleazge (ferpaupere).

Inkele foarbylden fan oertrêdingen en eksessen

  • It materiaalgebrûk of de kleur fan in bouwurk is earmoedich.
  • It materiaalgebrûk of de kleur fan in bouwurk hat in sterk negative ynfloed op de omjouwing (bygelyks in te felle kleur).
  • De reklame-utering komt foar op de list fan ferbeane foarmen fan reklame.
  • De reklame-utering is tige opfallend, te optwingerich, te grut, wurdt te faak werhelle, of is te sjen op plakken dy’t dêrfoar net geskikt binne.
  • In bouwurk of in diel fan in bouwurk is sadanich fan de omjouwing ôfsletten, dat de relaasje tusken it bouwurk en de omjouwing slim fersteurd of opheft is.
  • Arsjitektoanyske bysûnderheden binne by oanpassing fan in bouwurk ferneatige of fernield.
  • It gevelbyld is slim fersteurd trochdat feroaringen oan de gevel hiel dúdlik net ôfstimd binne op it oarspronklike gevelbyld. Bygelyks trochdat der in te grut ûnderskied bestiet yn foechwurk, skilderwurk, kleurstelling, materiaalgebrûk en details.
  • In luifel dielt de gevel sterk op, wêrtroch’t de boppeferdjipping fan de strjitte ôf net mear sichtber is.
  • In bouwurk is foar in diel ôfbrutsen, sloopt, ynstoart, ferwaarloazge, of oan de bûtenkant hielendal of foar in part yn grutte mjitte beskeadige.
  • In bouwurk fertoant hiel grutte ôfwikingen of makket te grutte ynbrek op wat gebrûklik is.

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere