Accessibility Tools
Skip to main content

Basisregels

Elk bouplan moat altyd foldwaan oan de basisregels.

Dizze twa basisregels binne ferwurke yn alle regels fan dizze Nota Omjouwingskwaliteit.

Hawwe jo in plan foar in monumint of wolle jo reklame mietsje? Ek dan jilde de basisregels.


Basisregel 1. Past in de besteande omjouwing

  1. Pleatsing op it hiem. De manier wêrop’t gebouwen op in hiem pleatst binne past yn de omjouwing. Hjirby wurdt ûnder mear sjoen nei de folgjende ûnderdielen.
    • De gebouwen stean yn de besteande gevelroailine(n) fan omlizzende gebouwen;
    • De bourjochting fan jo plan past yn de omjouwing;
    • Heldere yndieling yn in foar- en achterhiem;
    • Dúdlik ferskil tusken it plak fan it haadgebou en sekundêre dielen/funksjes;
    • It haadgebou bepaalt it oansicht;
    • De bebouwing foarmet ien gearhingjend gehiel.
  2. Haadopset. De haadopset fan de gebouwen op in hiem past yn de omjouwing. Hjirby wurdt ûnder mear sjoen nei de folgjende ûnderdielen.
    • De haadfoarm past yn de omjouwing;
    • De kapvorm past yn de omjouwing;
    • De massa-opbou past yn de omjouwing;
    • De skaal en maat (korrelgrutte) passe yn de omjouwing;
    • Oan- en útbouwen binne sekundêr.
  3. De foarmjouwing (ek wol ‘arsjitektuer’ of ‘boustyl’ neamd) fan nije gebouwen past yn de omjouwing.
  4. It gebou of geboudiel hat in dúdlike ekspresje nei de iepenbiere romte. Dit komt ta útdrukking yn de foarmjouwing fan de gevels, de geveliepeningen en de yndieling fan de funksjes yn it gebou.
  5. It kleurgebrûk en de materialen passe yn de omjouwing.
  6. De hiemskiedingen grinzjend oan iepenbiere romte hawwe in grien karakter en/of passe yn de omjouwing.
  7. Reklame-uteringen binne sekundêr yn de omjouwing
  8. Maatregels foar duorsumens (bygelyks sinnepanielen) binne sekundêr yn de omjouwing.

Basisregel 2. Goed ûntwerp

  1. It ûntwerp past by de funksje dêr’t it gebou foar brûkt wurdt.
  2. It ûntwerp fan de nijbou past by de besteande bebouwing op it hiem.
  3. It haadgebou bepaalt it oansicht op it hiem.
  4. Oan- en útbouwen en bygebouwen binne mei-ûntwurpen of sekundêr.
  5. Dakkapellen, dakopbouwen en/of risaliten (in soart erker fan begeane grûn oant boppeste ferdjipping) binne sekundêr.
  6. Boude hiemskiedingen binne sekundêr en/of mei it gebou mei ûntwurpen.
  7. De ynstallaasjes (bygelyks in liftskacht of in waarmtepomp) binne sekundêr oan it gebou.
  8. Reklame-uteringen binne sekundêr yn it ûntwerp fan it gebou.
  9. Maatregels foar duorsumens (bygelyks sinnepanielen) binne sekundêr yn it ûntwerp fan it gebou.

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere