
Wat binne regels foar omjouwingskwaliteit?
De NOS giet oer omjouwingskwaliteit; mei de regels bepale wy oft in bouwurk past yn de omjouwing, of at der gebrûk makke wurdt fan passende materialen en kleuren, of as bygelyks in bouwurk net te heech is.
De regels dy’t jilde hingje ôf fan it bouplan en it plak fan it plan. Dat makket it soms bêst yngewikkeld. Der kinne meardere regels jilde foar ferskillende ûnderdielen. Dat betsjut dat jo der goed om tinke moatte dat jo plan oan alle regels foldocht!
1. In bouplan moat altyd foldwaan oan de basisregels
De gemeente hat basisregels foar omjouwingskwaliteit. Dizze regels foarmje de basis fan de NOS.
- Basisregel 1. It bouplan moat passe yn de besteande omjouwing.
- Basisregel 2. Jo bouplan moat goed ûntwurpen wêze.
Dizze twa basisregels binne ferwurke yn alle regels.
2. In bouplan moat altyd foldwaan oan de bouregels
Elk bouplan moat foldwaan oan bouregels. Dy stean yn it omjouwingsplan. De bouregels gean oer de maten fan de gebouwen: hoe heech, hoe grut en op hokker plak in gebou stean mei. Op it Omjouwingsloket kinne jo sjen hokker bouregels foar jo jilde. Past in in plan net binnen de bouregels? Dan kin de gemeente gjin fergunning jaan foar it bouwen.
3. Oertrêdingen en eksessen (de rem)
Soms wykt in bouwurk te sterk ôf fan de omjouwing. Of is in besteand gebou yn hiel minne steat. In bouplan foldocht dan net oan de basisregels. Yn sa’n gefal trapet de gemeente op ‘de rem’.