Accessibility Tools
Skip to main content
Centrum Drachten

Jo plan toetse litte?

Gean jo sels oan de slach mei jo plan? Dan kinne jo by de gemeente beoardielje litte oft jo plan helber is. Freegje dan by foarkar yn in ier stadium in foaroerlis oan.

Alles oer de regels foar omjouwingskwaliteit

Fan dakkajút oant nij bedriuwspân, alle plannen yn de gemeente moatte foldwaan oan de basisregels en de bouregels.

Oan de slach mei jo inisjatyf

Hawwe jo in plan en wolle jo sjen oan hokker regels foar omjouwingskwaliteit jo foldwaan moatte? Lês hjir mear, sadat jo wis binne dat jo plan goedkard wurdt troch de gemeente.

Nota Omjouwingskwaliteit Smellingerlân

Wêrfoar brûke jo dizze website?

Yn de Nota Omjouwingskwaliteit stean de regels beskreaun dêr’t wy de omjouwing om ús hinne sa oantreklik mooglik mei hâlde. Wy beskriuwe wat jo wol en net meie as jo bygelyks in hûs (fer)bouwe, wat feroarje wolle oan in monumint of reklame meitsje wolle.

Foar wa is dizze website?

Dizze website is makke foar elkenien dy’t yn Smellingerlân oan de slach giet mei in romtlik plan. Binne jo ûndernimmer, hûseigener, ûntwikkeler, partikulier of bouspesjalist? Op dizze website kinne jo terjochte! Jo kinne sels útsykje en neilêze hokker regels der jilde foar jo plan.

Nim in adviseur, ûntwerper of arsjitekt in de earm

By in bouplan komt altyd hiel wat sjen. Der binne in soad regels dêr’t jo plan oan foldwaan moat. Wy advisearje om in (boukundich) adviseur, ûntwerper of arsjitekt yn de earm te nimmen. In adviseur ken nammentlik it paad én de regels. Dat kin helpe yn de snelheid. Ek kin in adviseur, ûntwerper of arsjitekt in ûntwerp meitsje mei bysûndere mearwearde foar jo en de omjouwing.

Gemeente Smellingerlân | Gauke Boelensstrjitte 2 | 9203 RM Drachten
Telefoannûmer: 0512 581234 | E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. 
Alle wurkdagen telefoanysk berikber fan 8.30-16.30 oere